logo
Zoeken:

Inloggen:


Gegevens vergeten?

01
01
02
02
03
03
04
04
05
05
06
06
07
07
08
08
09
09
10
10
11
11
12
12
13
13
14
14
15
15
16
16

Doarpsgenoaten,
 
Snein 12 febrewaris is it safier, dan wurdt de Grutte Hinnaarderadieltocht riden. In tocht fan 70 kilometer dy't alle doarpen oandocht yn de eardere gemeente Hinnaarderadiel.
De earste riders wurde om 11.30 oere yn Baaium ferwachte. De organisaasje rekkent op 500 oant 2500 riders.
Yn Baaium moat ek stimpele wurde, it stimpelplak is foar de batte fan Oane Smink oer de Baaiumeropfeart.
 
Ut namme fan it Baaiumer rayonhaad, Marten de Jong, it fersyk oan alle ynwenners fan Baaium efkes del te kommen en sa mooglik - om beurten - te helpen yn 't stimpelhokje en "koek en zopie" te ferkeapjen.
Oanmelde is net nedich, we gean der fan út dat der genôch minsken komme dy't efkes helpe wolle.
 
Foar it feien fan de baan - dat sil moarnier heve - kin ek noch wol wat help brûkt wurde. Ysmaster René Huis in't Veld hat in feimachine regele, dat skeelt al in soad wurk, mar der is noch genôch wurk foar frywilligers, sa sil der ek noch partytenten opsetten wurde, foar wat smûkens oan de baan. Lit it mar efkes witte oan Marten de Jong. 
We hoopje op moai waar en de Baaiumers dy't de tocht ride winskje we sukses en in moaie tocht.
 
Ut namme fan doarpsbelang,
 
Titia van Milgen